Cambuursupporters meie eigen stuoltsje mei nei hûs nimme

05 apr 2019 - 15:22

Cambuur hat goed nijs foar fêste supporters dy't muoite ha mei it ôfskied nimmen fan it eigen fertroude plakje yn it stadion. Wa't in gouden seizoenskaart nimt, mei syn eigen stuoltsje út it âlde stadion mei nei hûs ta nimme, sadree't Cambuur yn it nije stadion lûkt.

Foto: www.orange-pictures.nl

De prizen fan de seizoenskaarten geane it takom seizoen net omheech by Cambuur. Losse kaartsjes wol: dat hat te krijen mei de btw-ferheging fan 6 nei 9 persint.

Trefwurden: 
SC Cambuur stadion stuoltsje
(Advertinsje)
(Advertinsje)