Goed 1,2 miljoen euro nei 31 projekten yn Súdwest-Fryslân
It Iepen Mienskipsfûns Súdwest-Fryslân jout subsydzje oan 31 inisjativen. Mei-inoar giet der goed 1,2 miljoen euro nei de projekten dy't de leefberens yn de regio fersterkje.
Sa wurdt de iisbaan yn Burchwert tenei ek foar oare dingen ynset. Der komme parkearplakken, sadat it terrein ek geskikt is foar kulturele en sportive eveneminten. It doarpsbelang, brûkers fan de iisbaan en omwenners ha meitocht oan it projekt. De totale kosten binne goed 80.000 euro. Troch in bydrage fan it Iepen Mienskipsfûns is alfêst 30.000 euro binnen.
Der giet ek jild nei ûnder oare in teäterstik oer Aldegea, oanlisstegers yn Skraard, in fitnesspark yn Wâldsein, in better leefgebiet foar flearmûzen yn Tsjerkwert, in pannakoai foar QVC út Starum en AED's yn ferskate plakken.