Freedsmerk oer mantelsoarch: "Foar inoar soargje is echt net ferfelend, hear"

05 apr 2019 - 14:44

It is de wike fan de Mantelsoarch. De hiele wike al, komme prachtige ferhalen foarby oer it belang fan goede mantelsoarch en wat it foar minsken betsjut. Alle reden om grutsk op te wêzen, Neffens guon sit der lykwols ek in oare kant oan en moatte we ús suver skamje om't frijwilligers it wurk dwaan moatte dat de oerheid lizze lit.

freedsmerk - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

De mieningen dêroer wiene op Ljouwerter freedsmerk ferdield, mar foar it wurk fan de mantelsoarger wie in soad respekt. Immen fertelde dat se twa dagen yn 'e wike by har mem fan 92 del giet. "As ik dat net dwaan soe, siet se hiele dagen allinnich."

Mar ek waard der sein dat it earder hiel normaal wie om inoar te helpen, mar dat minsken tsjintwurdich oeral mar foar betelle wurde moatte. "Foar inoar soargje is echt net ferfelend, hear."

In protte minsken ha dermei te krijen. Sa soarge in frou foar har beheinde soan en fertelde in man dat hy help krige fan syn bern. Minsken wolle inoar wol helpe, mar is it bytiden lestich omdat elkenien it drok hat. "Je wolle se net yn in fersoargingshûs stopje, mar it is in probleem omdat elkenien moat wurkje. It is de tiid, tink ik."

Ferslachjouwer René Koster yn petear mei besikers fan de freedsmerk oer mantelsoarch

Trefwurden: 
freedsmerk mantelsoarch
(Advertinsje)
(Advertinsje)