Ynformateur ûndersiket koälysje mei FvD: "Gefoel dat se derút komme kinne"

05 apr 2019 - 14:13

Ynformateur Harry van der Molen ferkent in koälysje yn Provinsjale Steaten fan fjouwer partijen en dêr binne de fiif grutste partijen foar yn byld. Dat binne it CDA, Forum voor Democratie, PvdA, VVD en FNP. Sy ha mei-inoar 28 sitten yn de Steaten. Der binne 22 sitten nedich foar in mearderheid.

Harry van der Molen

Yn de ôfrûne wiken hat Van der Molen ferskate petearen fierd. "Ik ha alle partijen by my del hân", seit de ynformateur. "Se ha ferteld hoe't se tsjin de útslach fan de ferkiezingen oan sjogge. Dêr komme wat kombinaasjes út dy't we fierder útsykje moatte. Dat ha we dizze wike dien. Dêrút binne de fiif grutste partijen kaam. Dat wol lykwols noch net sizze dat oare partijen út byld binne."

De kommende wike sil ynformateur Harry van der Molen yn petear mei de partijen dan komme ek belangrike tema's oan bod, lykas de enerzjytransysje en it feangreidegebiet. "Dat binne ûnderwerpen dy't hjir yn de provinsje al wat langer spylje", seit Van der Molen. "Der is ek noch in ferskaat oan lytsere ûnderwerpen. Dy kealje wat minder swier, mar op dy grutte ûnderwerpen wolle je teminsten witte dat de partijen derút komme kinne. Want as je oan de echte formaasje begjinne, dan moat it dêr net op stikken rinne."

It is net sa dat der no ien partij útspringt mei in ferskil fan miening.

Ynformateur Harry van der Molen

No wol Forum voor Democratie op it mêd fan klimaat folle minder as de oare partijen. Dochs betsjut dat wat Van der Molen oanbelanget net dat dy partij gjin kâns makket. "De partijen binne yn alle gefallen mei-inoar yn petear. Der binne ek echt wol ferskillen tusken de partijen dy't al yn de Steaten sieten. Op it dossier fan de wynmûnen ha der bygelyks ferskillen yn de koälysje sels west. It is net sa dat der no ien partij útspringt mei in ferskil fan miening."

De ôfrûne fjouwer jier bestie de koälysje út CDA, FNP, SP en VVD. Dy ha no mei-inoar noch mar 18 sitten.

"Dizze partijen ha yn alle gefallen it gefoel dat se der mei-inoar útkomme kínne", neffens Van der Molen. "Oan de ein fan myn ynformaasje sil der echt noch gjin akkoart lizze. Dat moat yn de formaasje. Mar je moatte elkoar wol sadanich fertrouwe dat je tinke: we kinne gearwurkje."

In koälysje fan fjouwer partijen soe betsjutte kinne dat se mei-inoar 22 sitten ha. Dat is de lytst mooglike mearderheid en dat is faak net winsklik. "Dêr wurdt ferskillend tsjinoan sjoen", seit Van der Molen. "De ien seit: it is miskien lestich. De oar fynt it just noflik, want dan moat de koälysje faker mei de opposysje om tafel."

Noch prate oer drege ûnderwerpen

As Van der Molen der net útkomt mei dizze partijen, dan sjocht hy fierder. Mar de kommende wike sil er earst noch mei de fiif grutste partijen fierder prate. "Dan ha we in tal petearen oer wat lestigere ûnderwerpen. Dêr moatte we noch wat langer oer prate", seit it Twadde Keamerlid fan it CDA. "It soe wêze kinne dat we der dan al in konklúzje oan hingje kinne. Der hoecht gjin akkoart út te kommen, mar de petearen moatte genôch fertrouwen jaan dat je der yn de formaasje útkomme kinne."

It CDA wûn de Provinsjale Steateferkiezingen op woansdei 20 maart. Sy bliuwe de grutste partij en ha de kommende fjouwer jier 8 sitten. Dêrnei komme Forum voor Democratie en PvdA mei elk 6 sitten. De folsleine list mei sitten:

  • CDA 8 sitten (-1)
  • Forum voor Democratie 6 (+6)
  • PvdA 6 (-1)
  • VVD 4 (-1)
  • FNP 4 (0)
  • GrienLinks 3 (+2)
  • ChristenUnie 3 (0)
  • PVV 3 (-1)
  • SP 2 (-3)
  • D66 2 (-1)
  • Partij voor de Dieren 1 (0)
  • 50PLUS 1 (0)
(Advertinsje)
(Advertinsje)