Eigener Coop Heech sjocht wer takomst no't hy nij bouwe mei

05 apr 2019 - 13:13

Eigener Richard Langeland fan de Coop yn Heech fynt dat de takomst fan syn winkel der in stik better út sjocht no't hy op in oar plak nij bouwe mei. Sûnder nijbou soe syn winkel de kommende jierren ferwurde ta in buertsupertsje, tinkt hy.

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Eigener Richard Langeland fan de Coop yn Heech

De gemeente Súdwest-Fryslân naam tongersdei in moasje oan wêryn't besletten is dat de nijbou der komme mei. De Coop sit no noch yn in tal ferboude en oaninoar skeakele huzen dêr't gjin plak foar útwreiding is of ekstra parkearplakken. Op it nije plak is dy romte der folop.

As gefolch fan de nijbou njonken Talma State sille der nei alle gedachten wol twa of trije âlde beammen sneuvelje. Dêr is net elkenien bliid mei. Langeland seit ta dat hy syn uterste bêst dwaan sil om it tal beammen dat kapt wurde moat te beheinen.

As de nijbou klear is, komme der apparteminten yn de pannen dêr't de supermerk no yn sit.

Trefwurden: 
Heech Coop Richard Langeland
(Advertinsje)
(Advertinsje)