A32 tusken It Hearrenfean en Ljouwert dit wykein ôfsletten

05 apr 2019 - 12:57

De A32 tusken It Hearrenfean en Ljouwert leit der it hiele wykein út. Rykswettersteat sil dan de ferfelende hobbels út de dyk helje. Om dat goed dwaan te kinnen moatte de sneldyk en guon ôfritten it hiele wykein diels ticht. Fan Ljouwert nei It Hearrenfean kinne minsken wol oer de dyk komme.

Foto: Google Street View

De hobbels wurde derút helle troch nij asfalt oan te bringen. Dat sil dit wykein barre. In stik fan de dyk by Haskerdiken hat mear soarch nedich om it wer goed te krijen. Dêr sil Rykswettersteat yn in letter stadium werom komme.

De dyk giet freed om 22.00 oere ticht. Dan wurdt der dei en nacht yn ploegetsjinst wurke. "Der sille sa'n 500 minsken meiwurkje en der binne sa'n 170 frachtweinen dy't op en del ride mei asfalt", seit Jelmer Visser fan Rykswettersteat.

De omstannichheden foar dit wykein lykje optimaal. Nei alle gedachten kin de dyk moandeitemoarn om 06.00 oere wer iepen.

Jelmer de Vries fan Rykswettersteat

(advertinsje)