Bargeboer John Lorist: "In mijn ogen zijn er alleen maar verliezers nu"

05 apr 2019 - 12:33

Bargeboer John Lorist út Himmelum is bot teloarsteld no't de gemeente Súdwest-Fryslân tsjin it útwreidzjen fan syn bedriuw stimd hat. Lorist hat no in bargestal mei sa'n 5.000 bargen, dy't hy útwreidzje woe nei in stal mei 8.000 bargen. "Ik ben hier al ruim tien jaar mee bezig en met iedereen in goed overleg. Dan hoop je dat er een keer een positieve uitkomst komt", seit Lorist.

Bargeboer Himmelum

Lorist begrypt der neat fan. "In mijn ogen zijn er alleen maar verliezers nu. Wij hadden een heel mooi plan waar de varkens beter van werden, waar de omgeving beter van werd en waar onze medewerkers beter van worden. Het is mijn verantwoording om daarvoor te zorgen. Als dat niet lukt, dan ben je teleurgesteld."

Oan alle easken foldien

Neffens Lorist hat hy oan alle easken foldien dy't de gemeente him oplein hat. De gemeente hat sels in bestimmingsplan fêststeld en de provinsje ek. "Daar is het allemaal aan getoetst. Er is juridisch naar gekeken. Daar voldoet het allemaal aan. Een meerderheid van de raad zegt: toch willen we het niet. Dat kunnen wij niet anders zien dan partijpolitiek dat gedaan wordt."

Hemelumer Hoeve - Foto: Hemelumer Hoeve

Ek de stankoerlêst soe substansjeel minder wurde yn it nije plan. Lorist tinkt dat de gemeente der sels op tsjin is, mar dat net op basis fan regeljouwing beslute kin. De bargeboer sil no earst rêstich neitinke. "Ik ben hier verantwoordelijk voor onze varkens, onze mensen en de omgeving, het is aan mij om daar een oplossing voor te zoeken."

Ik ga er nog altijd vanuit dat er een keer een oplossing komt.

Bargeboer John Lorist

It is foar de bargeboer gjin reden om fuort te gean út Himmelum. "Ik denk dat we hier een mooi bedrijf hebben. We zitten op een mooie plek. Heel veel inwoners steunen ons. Waarom zou je dan vertrekken? Ik ga er nog altijd vanuit dat er een keer een oplossing komt."

Ferslachjouwer Hayo Bootsma socht John Lorist op

(Advertinsje)
(Advertinsje)