Sa'n tûzen Fryske finzenen út strafkamp Amersfoort moatte wer in gesicht krije

Hast tûzen Friezen ha yn de Twadde Wrâldoarloch yn Kamp Amersfoort sitten en ek dizze finzenen moatte neffens it betinkingssintrum yn Leusden wer in gesicht krije. Kamp Amersfoort wol foar alle finzenen in fotomonumint meitsje. It betinkingssintrum is dizze wike in grutte syktocht nei foto's begûn en freget dêrby de help fan elkenien dy't noch byldmateriaal hat.
Kamp Amersfoort komt mei fotomomint
Yn Durchgangslager Amersfoort sieten yn de Twadde Wrâldoarloch 35.000 meast politike gefangenen, faak yn minne omstannichheden. Der wie honger en de besetter wie wreed.
De hast tûzen Friezen dy't nei it strafkamp brocht waarden, kamen út hûndertfyftich ferskate plakken yn Fryslân. Mear as hûndert kamen út Ljouwert, goed fjirtich fan It Hearrenfean en rom tweintich út Drachten. "Uit de kleinst mogelijke dorpjes kwamen Nederlanders en Friezen naar Kamp Amersfoort", seit Remco Reiding fan Nationaal Monument Kamp Amersfoort.
© Kamp Amersfoort
Fierwei de measte finzenen waarden dêrnei nei konsintraasjekampen brocht. Hûnderten waarden deasketten of kamen om troch sykte, honger of mishanneling. "De Duitsers zijn behoorlijk tekeergegaan", seit Reiding. "Vooral de eerste twee jaar zijn verschrikkelijk geweest. Veel gevangenen zijn mishandeld. Op een gegeven moment leden veel gevangenen aan hongeroedeem."
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Reiding hopet dat minsken de souder nochris opgean, âlde doazen iepenmeitsje of albums trochblêdzje om foto's te finen fan finzenen fan doe. Dy komme dan yn it fotomonumint dat folgjend jier iepene wurdt. Sels hat it betinkingssintrum al twatûzen portretten.
Wa't fotomateriaal hat, kin it fia de webside geefgevangeneneengezicht.nl ynleverje.