Goalie Idzenga fan Flyers wol net ophâlde, mar docht it dochs

05 apr 2019 - 11:32

Goalie Sjoerd Idzenga fan de UNIS Flyers hâldt fuortendaliks op mei iishockey. De 30-jierrige Idzenga spile hast syn hiele libben foar de Flyers, mar rjochtet him no op syn wurk. "Ik heb altijd aangegeven als ik een vaste baan kan krijgen, dat ik dan stop met ijshockey. En die tijd is nu aangebroken", seit er op de webside fan de Flyers.

Sjoerd Idzenga dit seizoen - Foto: www.orange-pictures.nl

Idzenga hat in oplieding ta frachtweinsjauffeur dien. It ôfrûne oardel jier hat er fia in útstjoerbedriuw wurke, mar no kin er dus fêst wurk krije. "Eigenlijk wil ik helemaal niet stoppen met ijshockey, maar mijn werk is helaas niet te combineren met ijshockey op dit niveau."

Folle prizekast

De goalie hat trettjin jier foar de earste ploech fan de Flyers spile. Hy hat ien kear de BeNe-League wûn, twa kear it kampioenskip fan Nederlân, twa kear de beker en de supercup ien kear. It Nederlânsk iishockeybûn rôp Idzenga twa kear út ta bêste keeper.

Syn lêste wedstriid wie ôfrûne snein. Doe ferlearen de Flyers de fjirde finalewedstriid om de BeNe-League út tsjin Herentals.

(advertinsje)
(advertinsje)