Waadferiening daget Shell: "Dizze grutte jonges moatte kantelje"

05 apr 2019 - 11:24

Der wurdt freed in belangrike stap setten yn de rjochtsaak fan seis miljeu-organisaasjes tsjin Shell. De oprop om op de rjochtsitting te ferskinen wurdt oerlange op it haadkantoar fan de oaljemaatskippij yn Den Haach. Ien fan de organisaasje dy't meidocht is de Waadferiening. Yntusken ha ek 13.000 boargers har oanmelden om de saak te stypjen. Neffens de organisaasje hannelet Shell yn striid mei it klimaatakkoart fan Parys.

In tankstasjon fan Shell - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Yn de daging stiet ûnder oare dat Shell de grutste CO2 fersmoarger fan de wrâld is en dat sy harren ferantwurdlikens nimme moatte. Lutz Jacobi, direkteur fan de Waadferiening: "Wy freegje de boargers om der om te tinken, mar dizze grutte jonges moatte hielendal kantelje, oars hat it allegearre gjin sin."

Shell seit wol harren ferantwurdlikens te nimmen, mar neffens Jacobi is dat mar hiel marzjinaal. "Dêrmei feroaret der neat oan har grutte smoarge oalje yndustry yn de wrâld. Der ha se noch neat fan ôf helle."

Net mear boarje yn it wrâlderfgoed

It haadkantoar fan Shell stiet yn Nederlân. Dat makket de organisaasje makliker te benaderjen foar de Nederlânske organisaasjes dy't Shell dage wolle. Foar de Waadferiening is it lykwols ek wichtich omdat de NAM foar in grut part by Shell heart. "Wy wolle net dat se yn it wrâlderfgoed trochboarje kinne, mar dat se harren ferantwurdlikens nimme foar it klimaat en in oar belied fiere sille.

Wy freegje gjin jild, wy wolle allinnich mar dat se harren ferantwurdlik meitsje foar dizze wrâld.

Lutz Jacobi, direkteur Waadferiening

Shell hat oanjûn wol mei de partijen om tafel sitten te wollen. Jacobi is der wat skeptysk oer, mar stiet der ek foar iepen. "Wy gean rjochting 2050. We dogge it no, dan ha se noch jierren de tiid om te kantelje. Wy freegje gjin jild, wy wolle allinnich mar dat se harren ferantwurdlik meitsje foar dizze wrâld en sichtber in oare koers farre sille."

De saak kin wol ris lang duorje. "As je wat wolle, moatte je der foar stean", seit Jacobi striidber. "En ik tink ek dat it goed is om oare fersmoargers yn de wrâld sjen te litten dat se net altyd mar frij út gean kinne."

Lutz Jacobi oer Shell

Trefwurden: 
klimaat Lutz Jacobi Shell
(advertinsje)
(advertinsje)