Fryske studinten eksposearje mei klaai yn Valencia: "Wol spesjaal"

05 apr 2019 - 11:00

Studinten en begelieders fan it Friesland College binne dizze dagen yn it Spaanske Valencia. Yn it ramt fan de European Days of Crafts wurde dêr ferskate aktiviteiten organisearre, wêrûnder in eksposysje mei spesjale objekten fan studinten út Nederlân, Bulgarije en Spanje.

Foto: Friesland College

Tsien studinten fan it Friesland College litte harren wurk sjen yn de Spaanske stêd. It binne allegearre ûntwerpen dy't hearre by âlde ambachten. Dizze wurde kombinearre mei nije techniken en ferbûn oan de sirkulêre ekonomy. Dat prinsipe hjit 'craft your future'.

Spesjaal

De tentoanstelling waard tongersdeitejûn offisjeel iepene yn it Craft Centre of the Valencian Community. Hendrik Jan Hoekstra fan it Friesland College: "Dat wie wol spesjaal: ús kursisten dy't dêr stikken presintearje, tegearre mei stikken út Bulgarije en de regio Valencia. It wie in moaie iepening."

Hendrik Jan Hoekstra fan it Friesland College

It projekt wurdt útfierd yn it ramt fan Erasmus+. "Dat is in Europeesk gearwurkingsprojekt", fertelt Hoekstra. "We besykje de kommende 2,5 jier om in nije oplieding te ûntwerpen, wêryn't saken kombinearre wurden. Je ha âlde ambachten, mar as je dêr nije techniken oan keppelje, watfoar oplossingen kinne je dan fine yn in sirkulêre ekonomy? Dat bringe we yn dit projekt byelkoar."

Wurkje mei klaai is Frysk

De Fryske studinten binne by it projekt oan de slach mei klaai. "Dat is Frysk: we makken foarhinne potten en pannen, dat hellen we út de grûn. Yn de Blokhúspoarte stiet in keramykprinter. Mei dy nije techniken kinst foarmen meitsje dy't je mei de hannen net kreëarje kinne. It idee is dat minsken dat leaver keapje as weismytspullen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)