Royal A-ware hâldt op as sponsor maratonploech Jillert Anema

Reedrydcoach Jillert Anema moat op 'e syk nei in nije haadsponsor foar syn maratonploech. It bedriuw Royal A-ware hâldt op as jildsjitter en nammejouwer fan de manljus- en frouljusploech. It bedriuw wie fiif jier sponsor fan Anema's team.
Jillert Anema yn de klean fan Royal A-ware © www.orange-pictures.nl
"We hebben de marathonschaatsploeg met volle overtuiging ondersteund", seit topman Jan Anker fan it bedriuw. "We zijn trots op het team en de goede resultaten die zij hebben bereikt. Wij wensen de ploeg en de rijders alle goeds en nog vele mooie resultaten in de toekomst."
Under oare de Fryske riders Bob de Vries, Arjan Stroetinga, Jorrit Bergsma, Carien Kleibeuker en Marijke Groenewoud sieten by de maratonploech.

Opnij op 'e syk

Ferline jier moast Anema ek al op 'e syk nei in nije sponsor, mar dan foar syn langebaanploech. Anema bruts mei sponsor Clafis omdat hy fûn dat de sponsor net oan de easken fan de topreedriders foldwaan woe. Yn augustus makke Anema bekend dat loftfeartmaatskippij easyJet de nije sponsor fan de langebaanploech waard, dêr't De Vries, Bergsma, Kleibeuker en Groenewoud ek ûnder falle.