Mantelsoarchwenning: "Wy ha altyd in eachje op skoanmem"

05 apr 2019 - 08:54

It is net mear fertroud om thús te wenjen, mar wolst ek net nei in fersoargingstehûs. Dan komst foar in hiele drege kar te stean as minsk. Mar sûnt 2009 is dêr in oplossing foar op de merke: in mantelsoarchwenning. Dat is in lytse wenning dy't in mantelsoarger op it hiem delsette kin sadat de helpfreger tichtby is. Jellie Andringa (83) wennet yn sa'n mantelsoarchwenning op it hiem fan har beppesizzer.

Hast harren hiele libben wennen Jellie en Jitze Andringa op de âlde pleats op de Hantumerwei yn Ealsum. Jitze wie boer en Jellie holp mei. Mar doe't Jitze 13 jier lyn de diagnoaze alzheimer krige feroare de situaasje. It bedriuw waard oernaam troch soan Sjoerd en Jellie waard mantelsoarger fan har man.

"Dat ha ik net allinnich dien, hear", fertelt Jellie. "Ik krige in soad help fan de famylje en de thússoarch. It wie net maklik, mar ik ha it mei leafde dien."

Hy woe it leafst thús wenjen bliuwe en dat woe ik ek foar him, mar it wie te swier om him te fersoargen.

Jellie Andringa

Mar op in gegeven momint slagge it Jellie net mear om op Jitze te passen. "Mar hy woe it leafst thús wenjen bliuwe en dat woe ik ek foar him, mar it wie te swier om him te fersoargjen." Jellie is sels hertpasjint en kin net goed mear rinne.

Dêrtroch waard de pleats dêr't se yn wennen te grut foar har beiden. "Ik ha doe mei myn skoandochter Grytsje by ferskate ferpleechhûzen sjoen. Mar doe't ik thús kaam tocht ik gelyk: dit dogge wy net! Dat wurdt syn dea as hy dêr wenje moat."

Foto: Omrop Fryslân

As oplossing kamen Jellie en Grytsje op it idee om in lytsere wenning op harren eigen hiem del te setten. Dan koe beppesizzer Anne Marije wol yn it hûs fan Jellie en Jitze wenje. "Wy ha op dizze wize altyd in eachje op har. Se fynt it ek moai om út it raam fan de wenning te sjen nei alle bedriuwichheid. Sa fielt se har ek net sa iensum", fertelt Grytsje.

Oardel jier lyn, yn oktober 2017, soe it heve. De wenning wie klear, mar nei 9 dagen yn de mantelsoarchwenning foel Jitze en stoar hy in pear dagen letter yn it sikehûs.

Sûnt 2009 is it nije konsept fan in 'mantelsoarchwenning' op de wenningmerk yntrodusearre. In wenningoplossing wêrby't de mantelsoarger en de persoan dy't soarch nedich hat, byelkoar wenje. It wurdt hieltyd makliker om de wenningen te bouwen, foaral no't er sûnt 2014 gjin fergunning mear nedich is. Hoefolle fan dizze wenningen oft alle jierren yn Nederlân boud wurde, is lestich te sizzen.

It Aedes-Actiz Kenniscentrum Wonen-Zorg hat dêr ûndersyk nei dien. Se kamen 38 oanbieders tsjin, wêrtroch't se in skatting makke ha fan 200 nije selsstannige mantelsoarchwenningen it jier. De leveransiers ferwachtsje lykwols dat it yn de kommende jierren allinnich noch mar mear wurde sille. De priis fan dizze wenningen fariearret hiel bot: tusken 20.000 en 100.000 euro.

Foto: Omrop Fryslân

Ik soe hjir net graach wei wolle. Ik sit op ús âlde plakje.

Jellie Andringa

"Ik fyn it prachtich om hjir te wenjen, mar je misse je man. Wy soene hjir tegearre yn", fertelt Jellie. Al is se wol bliid dat Jitze net nei in fersoargingstehûs gong is. "Ik wie bliid dat ik him oant de ein ta thús hâlde koe."

Nettsjinsteande it gemis befalt it Jellie noch hieltyd goed om yn de wenning te libjen. "It is in grutte wenning mei twa sliepkeamers en sa kinne se my wol mei in soad dingen helpe."

De mantelsoarch foar Jellie komt foaral del op Grytsje, har skoandochter. Se helpt mei de boekhâlding, mar ek mei boadskippen. En as Jellie ergens hinne moat, stiet Grytsje foar har klear. "Ik soe hjir net graach wei wolle. Ik sit op ús âlde plakje."

Bisto mantelsoarger? Sjoch hjir foar in oersjoch fan alle stipe foar mantelsoargers yn Fryslân

Ien op de trije Friezen jout wolris mantelsoarch oan ien yn syn of har omjouwing en dy soarch wurdt hieltyd swierder. Dochs doare in soad minsken en mantelsoargers net om help te freegjen.

Dêrom komt Omrop Fryslân mei de 'Wike fan de mantelsoarch: freegje om help'. Fan 1 april ôf komme ferhalen fan alle soarten mantelsoargers oan bar en wat der yn Fryslân is oan stipe foar mantelsoargers.

Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer de aksjewike en in kaart mei in oersjoch fan alle Fryske inisjativen foar mantelsoarch.

(advertinsje)
(advertinsje)