Himmelumer bargeboer mei net útwreidzje fan gemeente Súdwest-Fryslân

05 apr 2019 - 08:42

Bargebedriuw Hemelumer Hoeve yn Himmelum mei net útwreidzje. De gemeenteried fan Súdwest-Fryslân hat tsjin de plannen stimd. It wie lykwols in dreech beslút: njoggentjin riedsleden stimden tsjin en achttjin foar.

Foto: Omrop Fryslân

Neffens de ried passe de plannen net yn de omjouwing, om't it te grut wurde sil. Bargeboer Lorist woe fan rom 5.000 bargen útwreidzje nei in lytse 9.000. Tsjinstanners fan de plannen wiene benaud dat it foar oerlêst soargje soe. De plannen fan Lorist soargen foar in soad ûnrest yn it doarp en de omjouwing.

In grutte mearderheid fan de ried spruts wol syn wurdearring út foar de ûndernimmer. Hy hat neffens de riedsleden sjen litten him wol maksimaal ynspanne te wollen om de beswieren fuort te nimmen. Ek wiene se bot te sprekken oer de profesjonaliteit fan de ûndernimmer. Dochs hat dat net genôch west om de mearderheid fan de ried te oertsjûgjen.

Earder wiene seis fraksjes yn Provinsjale Steaten al kritysk oer de útwreidingsplannen fan de bargehâlderij.

(Advertinsje)
(Advertinsje)