Kollum "Swim Maarten, swim!"

05 apr 2019 - 08:31

"'Wat in idioat!', tocht ik it ôfrûne jier doe't Maarten sei dat er de Alvestêdetocht swimme woe. Mar doe't ik him swimmen seach, stige der wol sa heech yn myn achting dat ik him in grutte idioat fûn en dat is in komplimint, krigen fan in Fries. No't ik hearde dat er it wer besykje woe, sei ik út 'e grûn fan myn hert tsjin Jelle: 'Dy man hat ûnderweis echt syn ferstân ferlern!'

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

Want we witte allegear noch wol hoe 'n striid it foar him wie en hielendal ast him swimmen sjoen hast, sa as wy yn Starum. Ik fûn it al in ein op redens fan Alde Leie nei Bartlehiem, lit stean te swimmen. Ik soe net iens fan Alde Leie nei Feinsum swimme kinne. Allinnich it idee makket my al beroerd.

Doe't ik hearde dat er it wer dwaan woe, tocht ik ek dat we Fryslân dan wol op 't slot sette meie, omdat it wierskynlik in hiel sirkus wurdt. Dy earste kear wie dochs noch wol yntym, omdat in hiele soad fansels ek net wisten wat se ferwachtsje koene. Geandewei de rûte kaam der hieltyd mear oandacht en stipe foar him, mar stel dat er it dizze kear hellet, dan wurdt it miskien yndied wol krekt sa'n gekkeboel as mei de echte Alvestêdetocht.

Mar is dat slim? De bêste man is it ferline jier stikken gien! En Maarten is fansels al in topsporter en dat binne gjin 'gewoane' minsken. Topsporters hawwe dissipline en trochsettingsfermogen, wylst gewoane minsken faak net fierder komme as seure en sangerje. En ik kin it my yntinke dat er stikem wol de smoar yn hie dat er it doe net helle hat, ek al wie er in held en hat er al dat jild by elkoar swommen. Dêr komt by dat er no wit wat it is en miskien hat er wol ideeën krigen sadat er der fertrouwen yn hat dat er it no wol helje kin.

Wierskynlik jout it kankerpasjinten ek wer hoop en moed. Soks kin ik my ek goed yntinke, mar ik kin net sprekke út ûnderfining. Dochs begryp ik net dat der no al sprutsen wurdt oer de 'Maarten-show'. As ien man wer yn steat is om miljoenen by elkoar te swimmen, wylst er wit hoe swier it is, dan twingt soks by my wol respekt ôf. Hielendal mei it byld foar eagen hoe 't er de earste kear yn it tsjuster ûnder my trochswom en ik doe al sjen koe hoe dreech er it hie. En wylst ik dit skriuw krij ik der op 'e nij pikefel fan.

Dus Maarten, ik hoopje datst it hellest, ek al stiet ús hiele provinsje op 'e harsens. Alle stipe is wolkom mar de egotrippers dy't allinnich komme foar de selfys, meie om my wol thúsbliuwe en de lju dy't komme te sûpen ek, want dy soargje meastal foar in soad opskuor en ellinde. Sadree't der earne in bar iepen is, dan is it fatsoen ornaris fier te sykjen.

It is yn wurden eins ek net út te drukken wat er prestearret, dat kinst it bêste fiele. En wa geane hjoeddeis noch troch oant se der by deldonderje, útsein yn it wykein en op doarpsfeesten? In soad fine it al in prestaasje as se aanst HIELENDAL nei Fryslân ride om Maarten oan te moedigjen. Mar it soe bêst wolris wêze kinne, dat we al in pear blokkearfriezen ynskeakelje moatte om hjir en dêr in swikje omkoalen tsjin te hâlden. En ik hoopje foar Maarten dat er ûnderweis syn ferstân wer fynt."

(advertinsje)