Man ferstoarn nei brân yn fersoargingshûs Skilhiem yn Stiens

05 apr 2019 - 17:02

By in brân yn wensoarchsintrum Skilhiem yn Stiens is tongersdeitenacht ien fan de bewenners om it libben kaam. De man fan 81 is freedtemoarn ferstoarn, nei't er earder dy nacht út it pân rêden wie. De brân yn it wenkompleks ûntstie tsjin middernacht troch noch ûnbekende oarsaak.

De brân waard troch de helptsjinsten opskaald nei middelbrân, om't der in soad reek frijkaam. Neist meardere ienheden fan de brânwacht waarden der ek trije ambulânsen en in traumahelikopter oproppen.

Foto: CAMJO media

Sân omwenners binne evakuearre en tydlik fierderop yn it kompleks opfongen. Sy koene letter yn de nacht werom nei har eigen wenning.

De brânwacht fan Stiens en Hallum hie it fjoer rap ûnder kontrôle en hat it gebou fentilearre. Stichting Salvage is ynskeakele om de fierdere skea ôf te hanneljen.

Trefwurden: 
brân Stiens Skilhiem
(advertinsje)