Swak SC Hearrenfean ûnderút tsjin Feyenoord

04 apr 2019 - 22:43

SC Hearrenfean hat tongersdei mei 3-0 ferlern fan Feyenoord. Yn De Kuip yn Rotterdam wie it de hiele wedstriid ienrjochtingsferkear nei it doel fan Hearrenfean. Mei help fan de VAR waarden ek noch twa Feyenoord-goals ôfkard.

Foto: www.orange-pictures.nl

Yn de striid om de play-offs foar Europeesk fuotbal wol SC Hearrenfean de lêste wedstriden safolle mooglik punten helje. Hearrenfean is yn goede foarm en wûn fjouwer fan de lêste fiif wedstriden, al wie dat ôfrûne wykein tsjin Excelsior yn de lêste minuten.

Tsjin Feyenoord woe Hearrenfean opnij prestearje. Mar de thúsploech like al yn de tweintichste minút op foarsprong te kommen troch in doelpunt fan Jørgensen. Krekt dêrfoar makke âld-Hearrenfeanspiler Sam Larsson lykwols in oertreding. Nei yngripen fan de VAR waard de goal dêrom ôfkard. Tsien minuten letter wie it wol raak foar de thúsploech. Ut in corner wie it Nicolai Jørgensen dy't de bal yn de goal prutste. Dêrnei wiene der kânskes foar Mitchell van Bergen en Ben Rienstra, mar sy koene net gefaarlik wurde.

VAR bringt opnij rêding

Krekt foar it skoft skoarde Feyenoord foar de tredde kear en opnij kear brocht de VAR rêding. Jens Toornstra skoarde, mar hy stie bûtenspul. Efkes letter gie Ridgeciano Haps ûnderút yn it strafskopgebiet. Dat fûn skiedsrjochter Kuiper net genôch foar in penalty. De rêststan wie dus, mei tank oan de VAR, 1-0.

Ienrjochtingsferkear

Hearrenfean hie it nei it skoft noch hieltyd lestich tsjin de Rotterdammers. Feyenoard miste earst in pear grutte kânsen, mar skoarde yn de 53e minút opnij. Op oanjaan fan Sam Larsson makke Steven Berghuis de 2-0. Tsien minuten letter hie hy ek de 3-0 op de skoech, mar hy seach syn frije traap op de latte bedarjen.

Dy tredde goal kaam der noch wol. Yn de 71e minút makke Tonny Vilhena de 3-0, opnij op oanjaan fan Larsson.

Fjoerwurk

Skiedsjochter Björn Kuipers lei de wedstriid yn de 20e minút efkes stil fanwege fjoerwurk op de gersmatte fan De Kuip. Dat fjoerwurk waard bûten it stadion ôfstutsen en is nei alle gedachten nei binnen waaid.

Feyenoord - SC Hearrenfean 3-0 (1-0). 32. Nicolai Jørgensen 1-0, 53. Steven Berghuis 2-0, 71. Tonny Vilhena 3-0.

Opstelling SC Hearrenfean: Hahn, Hornkamp, Høegh (13/ Dresevic), Pierie, Woudenberg, Rienstra, Schaars (50/ Kobayashi), Vlap (72/ Van Amersfoort), Van Bergen, Lammers, Johnsen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)