Fryske bedriuwen entûsjast oer dielname Wynpark Fryslân

04 apr 2019 - 22:30

In grut tal Fryske bedriuwen hat wol belangstelling om mei te wurkjen oan it grutte projekt Wynpark Fryslân yn de Iselmar. Woansdeitemiddei krigen de bedriuwen yn it WaadCenter op Koarnwertersân de kâns om har sjen te litten oan it konsortium Zuiderzeewind. Dat is de haadoannimmer fan de bou fan it park, mar it kin noch genôch help brûke fan oare bedriuwen.

Wynenerzjy - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Konsortium Zuiderzeewind oer it belûken fan Fryske bedriuwen

Provinsje Fryslân, grutoandielhâlder fan it wynmûnepark, wol graach safolle mooglik Fryske bedriuwen profitearje litte fan it projekt. De oanwêzigen op de gearkomste reagearren dêr entûsjast op. "Se hawwe moai sjen litten wat de bedoeling is. Der sil de kommende jierren hiel wat barre As wy dêr wat yn betsjutte kinne, soe dat hiel moai wêze", sei ien fan de ûndernimmers.

Fryske bedriuwen wolle graach meiwurkje oan it projekt

Dochs is it noch wol efkes ôfwachtsjen hoefolle bedriuwen oft ek echt oan it wurk sille by it projekt. De kar wurdt makke troch it konsortium en as dy leaver bygelyks in Dútsk of Belgysk bedriuw ynhiert, mei dat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)