Bou supermerk Heech kin trochgean, gemeenteried jout grien ljocht

04 apr 2019 - 21:58

De nijbouplannen fan de supermerk yn Heech kinne trochgean. De mearderheid fan de gemeenteried fan Súdwest-Fryslân stimde tongersdeitejûn foar de plannen foar nijbou oan de Tollewei.

De Supermerk hat ek in grut tekoart oan parkearplakken - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

De nijbou is nedich om't it plak dêr't de winkel no sit, te lyts wurden is. Boppedat binne der mear parkearplakken nedich. Yn it doarp Heech is net elkenien like wiis mei de plannen. De lokaasje oan de Tollewei wie earder yn byld foar senioarewenten.

Trefwurden: 
Heech supermerk
(Advertinsje)
(Advertinsje)