Mantelsoarch yn Fryslân: hoe no fierder?

04 apr 2019 - 21:36

Yn Fryslân Hjoed sjogge wy werom op dizze wike en nei de takomst. Roelof Lousma freget oan mantelsoarchmakeler Yvonne de Haan, Titia Woudwijk en Ineke Jonker fan it projekt 'meitinkers': wat moat der feroarje, sadat it makliker wurdt foar mantelsoargers?

Petear FH

Mantelsoarchmakelers, in mantelsoarchcoach of meitinkers: yn Fryslân is regelhelp foar mantelsoargers yn allegearre foarmen. Hoe regelje ik in húshâldlike help foar ús heit? Watfoar soarch falt binnen en bûten it sikefûns? En wêr kin ik telâne foar aktiviteiten sadat ús mem net iensum wurdt?

Dat binne fragen dêr't dizze minsken mei helpe kinne, mar dochs meitsje lang net alle mantelsoargers dêr gebrûk fan.

"Als het ware ben ik hun gids en neem ik regeltaken over", seit mantelsoarchmakeler Yvonne de Haan. "Mantelzorgers zijn verbaasd wanneer we bij hen aan tafel zitten. Ze voelen zich al snel gehoord, gesteund en ontlast. 'Had ik dit jaren geleden maar geweten', zeggen ze dan."

De Haan is ien fan de seis registrearre mantelsoarchmakelers fan Fryslân. Se is sels ek mantelsoarger foar har âlden. Sy wurdt oer de hiele provinsje ynset om mantelsoargers te helpen mei fragen.

Foto: Omrop Fryslân

Undersyk regeldruk foar mantelsoargers

Gemeenten binne sûnt 2015 ferantwurdlik foar jeugdsoarch, wurk, ynkommen en soarch foar minsken dy't lange tiid siik binne en foar âlderein. It kabinet wol dat ynwenners mei problemen terjochte kinne by ien sintraal oansprekpunt. Dit om sa min mooglik regeldruk by ynwenners te hawwen.

Neffens ûndersyk fan it Nationaal Mantelzorgpanel út augustus 2016 is dat net goed slagge. Fan harren 921 respondinten jout 90% oan yn trochsneed mear as trije oeren wyks kwyt te wêzen oan administrative en regeltaken foar de neisten. Hast de helte fan harren jout oan dat it útfieren fan dy taken net of net goed slagget.

Op dizze wize hoege se net by tweintich ferskate loketten te wêzen. Se kinne alles oan my freegje en ik regelje it dan fierder.

Ineke Jonker, meitinker gemeente Hearrenfean

Noch in stap fierder gean de meitinkers fan gemeente Hearrenfean. Alle doarpen en wiken fan de gemeente hawwe in fêste meitinker dêr't ynwenners telâne kinne foar alle soarchfragen. "Ik kom by de minsken thús en kin sa echt sjen wat se nedich hawwe", seit meitinker Ineke Jonker.

"Op dizze wize hoege se net by tweintich ferskate loketten te wêzen. Se kinne alles oan my freegje en ik regelje it dan fierder." De meitinkers binne no al in jier as fiif dwaande en út ûndersyk docht bliken dat sa'n 90 prosint fan de ûnderfrege minsken de kwaliteit fan de stipe hiel goed fynt. Se jouwe oan harren no better rêde te kinnen en dat de kwaliteit fan harren libben troch de stipe better wurden is.

Foto: Omrop Fryslân

In foarbyld dêrfan is mantelsoarger Ellie Bergsma. Se ken Ineke al acht jier om't se meitinker is fan heit en mem Yme Bergsma en Anne Bergsma-Holtrop. "Us heit hat in iepenhertoperaasje hân en ús mem hat letter tia's hân. We hiene stipe nedich", seit Ellie.

De soarchtaken en administraasje waarden safolle, dat it swier wie om alles goed te regeljen. Ineke joech tips en holp Ellie by it regeljen fan bygelyks in treplift. Ellie har heit Yme Bergsma fûn it moai om yn de tún te wurkjen, mar koe dat nei syn operaasje net mear goed dwaan. Ineke hat frijwilligers ynskeakele om him dêrmei te helpen. "Hjir hie ik nea oer neitocht, dat dit in mooglikheid wie", seit Ellie.

Trefwurden: 
mantelsoarch
(Advertinsje)
(Advertinsje)