Aris ûnderút op besite by hikkesluter Weert

04 apr 2019 - 21:22

De basketballers fan Aris hawwe tongersdei mei 79-65 ferlern op besite by Basketball Academie Limburg yn Weert. De Ljouwerters rûnen al yn it earste kwart in grutte efterstân op en hellen dat net mear yn.

Deividas Kumelis - Foto: www.orange-pictures.nl

Aris kaam al gau op efterstân tsjin de hikkesluter fan de Basketbal League. Al yn de earste minút wie it 9-0. Aris koe it ferskil yn it earste kwart net mear goedmeitsje: 22-8. Ek yn it twadde kwart hie Aris it lestich. Hoewol't de Ljouwerters wol in pear kear raak skeaten, waard it ferskil nea lytser as 10 en wie it by skoft 40-19.

Nei rêst spile Aris wol wat better, mar de efterstân waard opnij net lytser makke: 68-47. Yn it lêste kwart wie Aris wol de sterkere ploech, mar de Ljouwerters wiene te let om it grutte ferskil goed te meitsjen. Aris ferlear úteinlik mei 79-65.

(advertinsje)
(advertinsje)