Basiskommandant warskôget foar drones by fleanbasis: "Het is wachten tot het misgaat"

05 apr 2019 - 16:08

Fleanbasis Ljouwert hat soargen oer it oplitten fan drones yn de buert fan de fleanbasis. Boppe en by de basis mei net flein wurde, mar dat bart geregeld wol. Arnoud Stallmann, de basiskommandant fan Ljouwert, drukt minsken op it hert om gjin drones de loft yn gean te litten op plakken dêr't dat net mei: "Het is wachten op de keer dat het misgaat."

Op it stuit is it op en by de fleanbasis drok mei de militêre oefening Frisian Flag. Tastellen út ferskate lannen binne twa wiken nei de Fryske haadstêd ta kaam om mei-inoar te oefenjen.

Dêrtroch is it ekstra gefaarlik om in drone de loft yn gean te litten. "We hebben deze week weer verschillende meldingen gehad. Het is hartstikke mooi dat mensen zo enthousiast zijn, maar houd je wel aan de regels", sa fertelt Stallmann.

Spotters Jelsum

Ek hat de fleanbasis noed oer de spotters dy't by Jelsum foto's meitsje fan de strieljagers. Der stean stekken en buorden, mar dochs hâldt lang net elkenien him oan de regels.

Auto's wurde yn de berm delset en der ûntsteane ûnfeilige situaasjes. Ek hjir ropt Stallmann de minsken op om har oan de regels te hâlden.

(advertinsje)