Besunigings op WMO Ljouwert wurde takom jier net helle

04 apr 2019 - 20:52

Soarchoanbieders yn de gemeente Ljouwert slagje der net yn takom jier 3,6 miljoen euro te besunigjen. It wurdt goed in miljoen minder. Pas yn 2021 kin it bedrach wol helle wurde. Dat skriuwt de gemeente Ljouwert yn in útstel oan de ried.

Thússoarch - Foto: Omrop Fryslân

Yn Ljouwert binne al jierren grutte tekoarten op it sosjaal domein. It giet dan ûnder oare om de WMO, de Wet Maatschappelijke Ondersteuning.

De ôfrûne tiid hawwe meiwurkers fan de gemeente en de soarchoanbieders wêrûnder GGZ Fryslân, Amaryllis Zorg en soarchgroep Noorderbreedte byinoar sitten om te praten oer hoe't besunige wurde kin. Dat wie ien fan de opdrachten dy't de gemeenteried jûn hie oan wethâlder Herwil van Gelder nei de presintaasje fan syn eardere plannen. Syn opset foar in nij soarchplan foar de ynwenners fan Ljouwert waard troch de ried en hast alle oanbieders ôfwiisd.

Oergong nei soarch tichterby de minsken

Yn it útstel dat der no leit, wurdt besocht de soarch tichterby de ynwenners te bringen. As minsken help nedich hawwe, kinne se terjochte yn in doarpshûs of wykgebou. Dêr sitte dan minsken dy't derfoar soargje kinne dat de goede soarch by de goede persoan komt.

Dat de besuniging takom jier net helle wurdt, hat te krijen mei de oergong nei dizze foarm fan soarch. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders wol no dat it tekoart dutsen wurdt mei jild dat ferline jier oerhâlden is.

(advertinsje)
(advertinsje)