Aldi Cambuurplein yn Ljouwert kin ferhúzje nei Centrale

04 apr 2019 - 20:32

De Aldi-supermerk oan it Cambuurplein yn Ljouwert mei ferhúzje nei winkelpark De Centrale. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders wurket mei oan it plan. Der moatte al twa bestimmingsplannen oanpast wurde.

Foto: Google Street View

Oant no ta wie it net mooglik in supermerk te iepenjen by winkelpark De Centrale, want de gemeente hie dat yn it ferline sa bepaald. Op dy ôfspraken kaam D66 in pear moannen ferline werom. De partij fynt dat der in oare situaasje ûntstien is, no't twa oare supermerken wol de romte krije by it nije Cambuurstadion yn it WTC-gebiet. De twa supermerken dy't yn it winkelsintrum oan de Snitsertrekwei sitte of sieten, in Jumbo en in Lidl, ferhúzje nei it nije stadiongebiet.

Aldi wol al skoften ferhúzje

De Aldi trunet al skoften oan op in ferhuzing. It bedriuw wol by De Centrale in nije, moderne winkel bouwe. De eigener fan De Centrale hie dêrom al in omjouwingsfergunning oanfrege foar de komst fan in supermerk. Dy is ôfwiisd troch de gemeente. De eigener fan De Centrale is dúdlik makke dat earst it bestimmingsplan oanpast wurde moat. Dat is no mooglik en no kin fuortendaliks in oanfraach dien wurde.

(advertinsje)