FNP fynt Europeeske antwurden oer MSC Zoe 'meager en teloarstellend'

04 apr 2019 - 20:11

De antwurden dy't de Europeeske Kommisje jûn hat op fragen fan de FNP, wurde troch de partij 'meager en teloarstellend' neamd. De Fryske partij hie frege oft de Europeeske Kommisje in allrisk-fersekering ferplichtsje wol foar reders. Ek woe de partij witte oft de kommisje de reders folslein ferantwurdlik meitsje wol foar de kosten fan it oprêden fan guod.

Foto: Kustwacht Nederland

It antwurd fan de Europeeske Kommisje is dat in konvenant oer de oanspraaklikheid fan reders noch net yn wurking gien is. Op de fraach oer it meibeteljen fan de opromkosten giet de Kommisje hielendal net yn.

Ek it antwurd op in fraach oer de regeljouwing oer it fêstsjorren fan steapele konteners, is foar de FNP net goed genôch. De kommisje hat neffens de partij tasein in beheind ûndersyk te dwaan nei âlde ynspeksjerapporten.

De FNP fynt de antwurden teloarstellend: "Brussel wol benammen in soad prate, mar de neamde konkrete aksjes binne hiel meager as jo sjogge nei de maatskiplike en miljeu-ympakt fan sa'n kontenerramp", seit FNP-wurdfierder Posthumus.

Meiprate

De Europeeske Kommisje hat wol oanjûn dat se oanskowe wolle by it oerlis fan kustgemeenten yn Europa, de KIMO. Ek is de kommisje fan doel om it ûnderwerp fan kontenerfeiligens yn te bringen by de Ynternasjonale Maritime Organisaasje.

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 op syn minst 345 konteners ferlern. Dat barde krekt boppe de Fryske Waadeilannen. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.

(advertinsje)
(advertinsje)