Postma útskeakele yn Sofia Cup, Bouwmeester twadde yn klassemint

04 apr 2019 - 20:00

Pieter-Jan Postma hat him net pleatst foar de Medal Race by de Prinses Sofia Cup yn Mallorca. De 37-jierrige siler waard achtste, mar konkurrint Nicholas Heiner tsjinne mei sukses in protest yn tsjin Postma, dy't út de útslach helle waard. Marit Bouwmeester einige as sânde en tolfde yn har wedstriden.

Pieter-Jan Postma - Foto: ANP

Troch it missen fan dy Medal Race kin Postma ek gjin punten helje foar de olympyske kwalifikaasjestriid yn de Finn-klasse. Heiner en Postma moatte útmeitsje wa't it olympysk ticket fan Nederlân fertsjinnet. De twa krije punten foar elke top-10-klassearing yn de wrâldbekerwedstriden. De siler mei de measte punten mei dan nei Tokyo yn 2020.

Marit Bouwmeester einige yn har wedstriden as sânde en tolfde. Yn it klassemint fan de Laser Radial-klasse stiet sy no twadde.

(advertinsje)