Seis auto's belutsen by ûngelok op A7 by Drachten

04 apr 2019 - 18:51

Seis auto's hawwe tongersdei belutsen west by in ûngelok op de A7, fan It Hearrenfean nei Grins. It ûngelok barde oan de ein fan de middei by it knooppunt Drachten.

Foto: De Vries Media

Fiif fan de seis auto's moatte fuortsleept wurde. Twa persoanen binne troch ambulânsepersoniel neisjoen. Net dúdlik is oft sy ek nei it sikehûs ta moatte. De berging fan de auto's fynt plak oan de begjin fan de jûn. It ferkear wurdt oer de ôf- en oprit nei Drachten ta laat.

Trefwurden: 
Drachten ûngelok A7
(advertinsje)
(advertinsje)