Steuring foarby: strjitferljochting yn Fryslân docht it wer

04 apr 2019 - 17:02

De steuring yn de strjitferljochting, dy't derfoar soarge dat wiken en strjitten yn tal gemeenten yn Fryslân sûnt it yngean fan de simmertiid jûns yn it tsjuster sieten, is foarby. Netbehearder Alliander hat de oarsaak fan it probleem oanpakt.

Foto: Sjirk Kuipers

De update nei de simmertiid wie yn de software goed gien, mar net yn de kastkes dy't de strjitferljochting oanstjoere. Dêrom gie it ljocht jûns net mear automatysk oan. Troch de kastkes opnij op te starten, is dat probleem ferholpen.

"De kastjes werken met een draadloze verbinding. Bij sommige kastjes is die verbinding niet zo goed", sa seit Marloes de Vink fan Alliander. "Het kan zijn dat het resetten van een kastje door zo'n slechte verbinding niet goed gelukt is. Dan gaat het licht 's avonds nog steeds niet aan. Als dat het geval is, moet de betreffende gemeente dat bij ons melden, dan sturen we een monteur langs die het kastje handmatig opnieuw opstart."

It probleem spile net allinne yn Fryslân, mar ek yn Noard-Hollân, Gelderlân, Flevolân en in part fan Súd-Hollân.

(advertinsje)
(advertinsje)