Sportsaak Diepenmaat ferdwynt nei 45 jier út Ljouwert

04 apr 2019 - 16:48

Sportsaak Diepenmaat út Ljouwert slút yn augustus definityf de doarren. De by sportleafhawwers tige bekende winkel op de Foarstreek wurdt ferkocht. In belizzer sil de saak ferbouwe ta apparteminten.

Foto: Omrop Fryslân., Gerrit de Boer

De famylje Diepenmaat, besteande út de broers John en George en suster Mariëlla, hat besletten om op it oanbod fan de belizzer yn te gean. En dat betsjut dat Diepenmaat nei hast 45 jier út de stêd ferdwynt.

Astrid Sportprijzen dy't by Diepenmaat yn sit, bliuwt as bedriuw wol bestean. Eigeneresse Astrid van der Zwaag sil ferhúzje nei in oare lokaasje.

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boers

Ferslachjouwer Gerrit de Boer is by sportsaak Diepenmaat

Trefwurden: 
Ljouwert Diepenmaat
(advertinsje)
(advertinsje)