Fryslân is de goedkeapste provinsje om te trouwen

In houlik yn Fryslân is it goedkeapst fan hiel Nederlân. Yn ús provinsje kostet in trouwerij dy't troch de wike yn in gemeentehûs plakfynt yn trochsneed 272,48 euro. Dat is mear as 100 euro goedkeaper as it lanlik gemiddelde.
In houlik yn Fryslân is it goedkeapst © Shutterstock.com
Dat it yn Fryslân it goedkeapst is om te trouwen, docht bliken út in ûndersyk troch houlikswebside ThePerfectWedding. Op harren webside binne alle gemeenten fan Nederlân op ynteraktive kaarten oanjûn ta ferliking.
Súd-Hollân is mei 423,78 euro de djoerste provinsje. Oer it algemien is it súdwesten fan Nederlân djoerder út as it noardeasten. Neist Fryslân binne ek Flevolân en Limburch goedkeap.

Noard-Fryslân is it foardielichst

Benammen de noardlike gemeentes binnen Fryslân binne foardielich. Yn Waadhoeke, Dantumadiel en Noardeast-Fryslân binne breidspearkes mar 175 euro kwyt foar in seremoanje. Yn Ljouwert binne steltsjes mear jild kwyt: dêr kostet it wol 493,29 euro foar in jawurd. It lanlik gemiddelde houlikstaryf leit op 378 euro.

Yn it wykein

Der is ferskil tusken in houlik troch de wike en in houlik yn it wykein. Yn trochsneed moatte se yn it wykein wol twa kear safolle betelje: 575,73 euro. De gemeente Skylge is lykwols wat better foar de beurs: op in snein is in trouwerij 365 euro. Dat is net safolle at it fergelike wurdt mei It Hearrenfean en Tytsjerksteradiel, dêr kostet in trouwerij wol 800 euro op in sneon.
Yn mar trije Fryske gemeenten kin op in snein troud wurde: It Amelân, De Fryske Marren en Harns. Yn oare gemeenten moat útwykt wurde nei in oare lokaasje.