Waadgebiet krijt PR-opknapbeurt mei 'Visit Wadden'

04 apr 2019 - 16:40

It promoatsjen fan it Waad kin better. Dêrom komme Merk Fryslân, Holland Boven Amsterdam en Marketing Groningen mei har trijen mei in kampanje om it Waad op de kaart te krijen.

De kampanje wurdt tongersdei offisjeel lansearre op in grut sympoasium oer it Waadgebiet, yn De Harmonie yn Ljouwert. Doel fan visitwadden.nl is om mear, lytsskalich en duorsum toerisme te ûntwikkeljen, mar ek om de leefberheid yn it gebiet te fergrutsjen en de krimp tsjin te gean.

Op de webside binne ferhalen te finen oer alle eilannen en oer de waadkust yn Fryslân, Grinslân en Noard-Hollân. En der steane kuier- en fytsrûtes op en wat der fierder allegearre oan aktiviteiten te dwaan is yn it Waadgebiet.

De kampanje om it Waad te promoatsjen wurdt betelle troch it Waadfûns en de provinsjes Fryslân, Grinslân en Noard-Hollân.

(advertinsje)