Tûzenen euro's foar griene strjitten en doch-it-sels kofjepunten

04 apr 2019 - 16:13

It Iepen Mienskipsfûns Noardwest-Fryslân jout de kommende tiid yn totaal twa miljoen euro út oan in grut ferskaat oan inisjativen yn de regio. De keazen projekten soargje der mei har allen foar dat de leefberens yn de regio ferbettere wurdt.

Ien fan de rêstpunten by in fytsrûte - Foto: Iepen Mienskipsfûns

It projekt 'Bee Streets' is ien fan de inisjativen dy't jild krijt. De feriening krijt 35.000 euro om de tegels yn it gebied tusken it Saailân en it Ruterskertier griener te meitsjen. Hjirtroch kin bygelyks 'hittestress' yn de stêd werombrocht wurde, en wurdt it in moaier gebiet om yn te wenjen en te wêzen.

Achttûzen euro is beskikber foar 'Rustpunten in Noordwest Friesland'. It idee fan dit projekt is om op ferskate plakken yn Noardwest-Fryslân in kofje- as teepunt op te setten, dêr't minsken foar harsels in lekker bakje sette kinne. De inisjatyfnimmers hoopje hjirmei it toerisme in ympuls te jaan.

Ek is der jild foar in jongereinrjochtbank yn Ljouwert, in modernisearringsslach foar in teäter yn Wergea en in sinnepark by Spannum.

(Advertinsje)
(Advertinsje)