Krimp noch net foarby, mar der bliuwt plak foar middelber ûnderwiis yn Dokkum

04 apr 2019 - 16:08

De gefolgen fan de krimp foar it ûnderwiis yn Noardeast-Fryslân binne noch net foarby. Dat seit deistich bestjoerder Geert van Lonkhuyzen fan it Dockinga College. Der bliuwt neffens him wol plak foar kwalitatyf goed middelber ûnderwiis yn Dokkum, mar it learlingetal sil de kommende jierren noch wol stadichoan ôfnimme.

Ynterview Geert van Lonkhuijzen, deistich bestjoer Dockinga College

Woansdei waard bekend dat de fêstiging fan it Dockinga College yn Ferwert kommend skoaljier tichtgiet. Der binne te min oanmeldingen foar it nije skoaljier: mar achttjin. Mei dat tal soe de skoalle takom skoaljier ûnder de 120 learlingen komme, wat ûnder mear betsjut dat de skoalle in subsydzje foar 'nevenvestigingen' ferliest.

Dêrmei is it net langer helber de skoalle yn Ferwert iepen te hâlden. Learlingen sille nei in oare skoalle moatte en personiel sil op in oare fêstiging fan it Dockinga College oan de slach moatte.

Krimp

"Leerlingen die er niet zijn, kunnen zich ook niet aanmelden voor een school", fertelt deistich bestjoerder Geert van Lonkhuyzen fan it Dockinga College. "De krimp kun je niet zoveel aan doen, maar je kunt er wel op inspelen."

Lokaasjes yn Dokkum

Neffens Van Lonkhuyzen moatte de lokaasjes fan it Dockinga College yn Dokkum de kommende jierren rekken hâlde mei in delgong fan it tal learlingen. "We hebben momenteel nog ongeveer 1750 leerlingen en we gaan de komende jaren krimpen naar ongeveer 1400 à 1500 scholieren. Dat aantal is echt nog voldoende om kwalitatief goed onderwijs te bieden."

It 'haadkantoar' fan it Dockinga College yn Dokkum. - Foto: Omrop Fryslân

Ien fan de mooglike oplossingen fan de delgong fan it tal learlingen is neffens de bestjoerder gearwurking mei oare skoallen. Sa hat it Dockinga College petearen hân mei it Lauwers College en CSG Liudger. Ek binne der mei it njonkenlizzende Piter Jelles yn Dokkum ôfspraken makke oer it gebrûk fan lokalen.

Meisizzenskipsried

De meisizzenskipsried fan it Dockinga College komt tongersdeitejûn gear om te stimmen oer de sluting fan de lokaasje yn Ferwert. It beslút fan deistich bestjoerder Van Lonkhuyzen moat offisjeel noch goedkard wurde foardat de skoalle ein dizze simmer definityf tichtgean kin.

Yn Ferwert sels, dêr't oer inkelde moanne de lokaasje fan it Dockinga College tichtgiet, binne se bot teloarsteld. Der wiene wol ideeën foar de skoalle: yn stee fan nijbou soe der bygelyks renovaasje komme kinne. Pleatslik belang is benammen teloarsteld yn it feit dat de skoallemienskip gjin kontakt opnaam hat oer de sluting, wylst der wol ôfpraat wie takomstplannen te meitsjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)