Albert Heijn ferbout winkels yn Ljouwert: XL giet pear wiken ticht

De Albert Heijn XL yn Ljouwert is meikoarten in pear wiken ticht foar in ferbouwing. Sneon oer in wike slút de winkel yn it eardere Mirowinkelsintrum middeis om trije oere de doarren. De winkel wurdt yngreven ferboud. Yn de nije winkel is mear omtinken foar farsk en sûn iten. De feestlike weriepening is dan op woansdei 8 maaie.
De Albert Heijn XL yn Ljouwert © Google Street View
Albert Heijn is yn it hiele lân dwaande mei in grutte ferbouwingsoperaasje. Dêrby krije 120 winkels in nije opset. Yn Ljouwert is noch in AH-winkel dy't ferboud wurdt.
It filiaal oan de Prins Hendrikstrjitte wurdt ek fernijd. Dat is de lytste Albert Heijn fan Ljouwert. Dy ferbouwing is no al oan 'e gong. Oare wike tiisdei, op 9 april, giet dy winkel wer iepen.
Ek de oare winkels oan de Tynjedyk lykas de Etos wurde ferboud.