Omtinken foar de skiednis fan Dútske migranten yn Fryslân

04 apr 2019 - 15:51

Yn 2019 is der in soad omtinken foar migranten dy't yn it ferline tusken Dútslan en Fryslân reizgen. Bekend binne de saneamde 'hantsjemieren' en 'lapkepoepen,' dy't hjir yn it ferline yn de haaiïng, de feanterijen en as tekstyl-keapmannen wurken. No komme der in boek en in eksposysje.

It boek fan de Fryske Akademy mei omtinken foar de Frysk-Dútske migraasje - Foto: Omrop Fryslân

In protte famyljes yn Fryslân binne neikommelingen fan faaks earme, Dútske seizoenarbeiders. Sy kaamen iuwen lang nei ús provinsje om simmers jild te fertsjinjen. Bekende Fryske efternammen as Lenes en Steneker komme út Dútslan. Lenes en Steneker wiene ea Lienesch en Steinker.

Op it hichtepunt lutsen jierliks sa'n 30.000 Dútsers nei Nederlân om te wurkjen, mar dochs hawwe sy net folle spoaren neilitten. Eksakte oantallen foar Fryslân binne dreech te jaan. Yn 1809 wiene der neffens in rapport bygelyks 622 'vreemde daglooners' yn de feanterijen fan Weststellingwerf.

Boek oer in ferjitten groep

Sneon 6 april wurdt yn Hoogeveen in boek presintearre oer de migranten út it ferline: Migratiegeschiedenis in Noordwest-Duitsland en Noord-Nederland. Redakteuren fan de bondel binne histoarikus Marijn Molema fan de Fryske Akademy en histoarysk-geograaf Meindert Schroor fan de Waddenacademie.

Fan grutte wearde is dat it boek al fergees te downloaden is, mei tank oan Universiteitsbibliothek Münster. Ferskate Nederlânske en Dútske histoarisy hawwe in haadstik skreaun oer in tema binnen de migraasje-skiednis.

Foar it earst binne oerlevere boarnen en harren fynplakken systematysk beskreaun, sa't ûndersikers en studinten it boek ek yn de praktyk brûke kinne. Faaks rinne minsken tsjin it feit op dat it dreech is ûndersyk oer de grins te dwaan. Dizze bondel moat ynspiraasje biede om mear ûndersyk te dwaan nei dizze 'ferjitten groep.'

Eksposysje yn Ljouwert

It bliuwt net allinne by in boek. Kommende hjerst sil it Frysk Lânboumuseum in eksposysje hâlde oer de hantsjemieren fan eartiids. Bysûnder is dat de tentoanstelling in gearwurking is mei it Emslandmuseum yn Lingen (Dútslân). Oant en mei 3 febrewaris 2019 wie de eksposysje dêr te sjen.

Henk Dijkstra út Ljouwert hat tegearre mei Andreas Eiynck út Lingen de tentoanstelling op tou setten. Ien fan de topstikken is de skat fan 400 gouden en sulveren munten dy't troch in reizgjende marsedrager om 1684 hinne yn Schapen (Nedersaksen) bedobbe en yn 1969 ûntdutsen is.

Mear ynformaasje stiet op de webside fan de Fryske Akademy en de webside fan de Waddenacademie.

(Advertinsje)
(Advertinsje)