Kolleezje fan Dieuwertje Blok, spesjaal foar bern

04 apr 2019 - 14:48

In kolleezje spesjaal foar bern. Dat is de opset fan it Frijheidskolleezje dat takom wike organisearre wurdt yn Ljouwert. It bernekolleezje is ûnderdiel fan in grutte rige Frijheidskolleezjes dy't rûnom yn it lân hâlden wurde. It is ek te sjen yn IepenUp-live by Omrop Fryslân.

Foto: ANP

De Frijheidskolleezjes binne in opmaat nei Befrijingsdei op 5 maaie. It kolleezje spesjaal foar bern, yn Ljouwert, sil dien wurde troch Dieuwertje Blok, bekend fan it Sinterklaasjournaal.

Blok wit út persoanlike ûnderfining yn har famylje dat frijheid net fanselssprekkend is. Har mem wie fan Joadske komôf en har beppe wie de ynternasjonaal ferneamde keunstner Stella Fontaine. Dizze frou wist yn de Twadde Wrâldoarloch ûnder te dûken, mar oare famyljeleden waarden fermoarde yn de konsintraasjekampen fan Sobibór en Auschwitz.

It bernekolleezje is takom wike woansdei, yn Neushoorn yn Ljouwert, en it is allinnich tagonklik foar bern yn de leeftiid fan 9 oant 12 jier, en harren âlden. Yn IepenUp is it live te folgjen op de stream fan Omrop Fryslân.

(advertinsje)