Grindwei yn Tsjongergebiet wurdt ferkearsfeiliger

04 apr 2019 - 14:17

It gebiet Makkingea-Tsjonger-Alderberkeap wurdt ferkearsfeiliger makke mei in 60-kilometersône. Ek wurde krúspunten oanpakt en komme der ferkearsremjende maatregels.

Der wurdt faak te hurd riden op de Grindwei tusken Aldeberkeap en Makkingea. En dat smyt gefaarlike sitewaasjes op yn kombinaasje mei fytsers en lânbouferkear. De gemeente Eaststellingwerf hat dêr syn nocht fan en nimt no maatregels.

De maksimumsnelheid giet yn it hiele gebiet tusken Aldeberkeap, Makkingea, Tsjonger en de N351 nei ûnderen oant 60 kilometer yn de oere. Op dit stuit jildt dat noch mar foar in part.

Pleatslike belangen

De maatregels binne ta stân kaam yn oerlis mei de pleatslike belangen fan Nijeberkeap, Makkingea en Alderberkeap. Dy hawwe der al jierren om frege.

De Grindwei krijt saneamde optyske skiedingen. Mei strepen op de wei en in oare kleuren op de dyk wurdt de wei feiliger makke. Guon krúspunten krije in reade stienlaach. Fierders komme der fersmellingen en drompels. It wurk moat foar de boufak klear wêze.

De krusing by Makkingea is al feiliger makke mei buorden en in reade stienlaach - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte
(advertinsje)