Man feroardiele dy't drugsôffal dumpe woe

04 apr 2019 - 14:09

De rjochtbank yn Ljouwert hat tongersdei in 32-jierrige man út Tilburg feroardiele foar it ferfieren en besykjen ta dumpen fan drugsôffal. Hy krige in finzenisstraf fan trije moanne ûnder betingst en in taakstraf fan 120 oeren.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It drugsôffal, dat yn jerrycans siet, kaam troch de grutskalige produksje fan xtc en amfetamine. De man kaam hielendal út Noard-Brabân, hie de fetten mei in bestelwein ophelle en wie fan doel se earne yn Nederlân efter te litten.

Straf stranger as de eask

Foardat de man dat dwaan koe, hat de plysje yngrepen. De Tilburger waard op de A6 by Eastersee fan de dyk helle. De rjochtbank hat mei de opleine straf flink ôfwykt fan de eask fan de offisier fan justysje (60 oeren wurkstraf). Dat komt om't dy eask neffens de rjochtbank gjin rjocht docht oan de earnst fan de saak.

De produksje fan yllegale syntetyske drugs giet hân yn hân mei it dumpen fan drugsôffal. Dit smyt grutte risiko's en skea op foar it miljeu en foar de folkssûnens. It opromjen fan it drugsôffal is djoer en bringt hege kosten mei him mei. It dumpen fan ôffal is in earnstich strafber feit.

Trefwurden: 
rjochtbank drugsôffal
(advertinsje)