SC Cambuur op 'e nij mei fjouwer middenfjilders tsjin Telstar

04 apr 2019 - 13:59

Trainer René Hake stjoert freed deselde alve spilers it fjild yn by SC Cambuur as ôfrûne moandei tsjin Jong Ajax. Dat betsjut dat de klup op 'e nij mei fjouwer middenfjilders spilet. Freed is nûmer fyftjin Telstar de tsjinstanner.

Trainer René Hake foar Telstar

Robbert Schilder ferliet tongersdei wat earder de training, om't er in tikje krigen hie. Mar neffens Hake is der gjin reden ta soarch. Lang neigenietsje fan de 6-0 oerwinning fan moandei wie der net by foar de Ljouwerters. De fokus gie al gau op de wedstriid fan freed. Mar de rekôroerwinning wurket wol troch yn de groep neffens Hake. "Als je zo overtuigend wint, geeft dat heel veel vertrouwen. De opstelling is hetzelfde, maar het zal andere accenten met zich meebrengen."

Yn Telstar moetet Cambuur in tsjinstanner dy't de lêste wiken goed dwaande is. Ut de lêste seis wedstriden pakte de ploech sechstjin punten. "Ze zijn als team enorm gegroeid", konstatearret Hake. "Ze komen regelmatig terug van een achterstand, dus er zit een goede spirit in de ploeg."

Kevin van Kippersluis foar Telstar

Kevin van Kippersluis trainde de ôfrûne twa dagen wer mei de ploech mei. Dêrfoar hat er nochal siik west. "Ik had het goed te pakken. Ik ben vijf, zes daagjes goed van slag geweest. Ik merk het nog wel, mijn benen lopen snel vol. Maar dat komt wel weer goed. We zitten nu op 90% denk ik." Tsjin Telstar moat de kluptopskoarer genôch nimme mei in plakje op de bank. "Dat is voetbal. Vrijdag verliezen ze zonder mij, maandag winnen ze zonder mij. Het is logisch dat je dan op de bank moet plaatsnemen."

De oanfaller is dwaande oan syn lêste moannen by Cambuur. Syn kontrakt wurdt net ferlinge. Dêr is Van Kippersluis net hiel rouwich om. "Ik zou graag de stap naar het buitenland willen maken. Mijn droom ligt in Azië."

Foto: www.orange-pictures.nl

De wedstriid tusken Telstar en SC Cambuur set freedtejûn om 20.00 oere útein en wurdt fansels live útstjoerd op Omrop Fryslân Radio. Kommentator is ferslachjouwer Andor Faber.

(Advertinsje)
(Advertinsje)