Ljouwerter mei ploertedeader oanhâlden op stasjon Utrecht

04 apr 2019 - 13:05

Op stasjon Utrecht Centraal is tongersdeitemoarn in 24-jierige man út Ljouwert oanhâlden, dy't in ploertedeader by him hie. De man, klaaid yn in kamûflaazjejas, wie al yn de trein stapt. Dy waard efkes stilsetten om de fertochte oanhâlde te kinnen, seit de plysje.

Foto: Wikipedia

In oare reizger seach dat de man it wapen yn syn jas ferstoppe en warskôge de plysje. In ploertedeader is in soarte fan kneppel mei oan de ein in ferswierre knop. Mei it wapen, dat ferbean is, kin swier letsel tabrocht wurde.

De ploertedeader is yn beslach naam en de man hat in boete krigen.

Trefwurden: 
plysje Utrecht ploertedeader
(Advertinsje)
(Advertinsje)