Kursus byldhouwe foar mantelsoargers helpt by opbou fan sosjale kontakten

04 apr 2019 - 12:51

Do hoechst earne net geweldich yn te wêzen om der wat oan te hawwen. Dat is de strekking fan de byldhoukursus foar mantelsoargers yn de Groen van Prinsterenskoalle yn Dokkum. It giet net om it einresultaat, mar oer de ûntspanning en sosjale kontakten. "Want dy rekkest as mantelsoarger faak kwyt", sa seit inisjatyfnimmer Baukje Brander. "Dan is in kursus altyd wolkom en gesellich."

Foto: Omrop Fryslân

Brander hat yn gearwurking mei keunstner Hepie de Haan de kursus opsetten. "Dit is in kursus foar mantelsoargers dy't soargje foar kwetsbere minsken mei in psychiatryske oandwaning. De minsken hawwe in ferhaal te fertellen en dit hawwe sy ek oanjûn. Se wolle graach harren ferhaal fertelle en dêr helpt in kursus byldhouwe goed by."

Om mei te dwaan, hoechst net iens safolle mei byldhouwen te hawwen. "Hast gjinien hat ûnderfining mei dizze keunst", fertelt De Haan. "Mar se dogge harren bêst", folt se mei in knypeach oan.

Untspanning en sosjale kontakten

"De mantelsoargers fine dat de kursus helpt mei ûntspannen, yn 'e holle en yn it lichem. Se fine harren rêst." In kursist is it mei Baukje iens. "Ik vind het heerlijk om die rust te vinden hier. Ik was jarenlang zelf mantelzorger en dan loop je soms jezelf voorbij. Je moet ook af en toe de rust kunnen hebben. Ik raakt daarnaast alle contact met de omgeving kwijt en wilde die graag terugvinden."

Benammen it kontakten lizze, slagget al goed yn 'e groep. "Ik had vaak dat ik geen contact meer had met de mensen om me heen, omdat ik niet lang de deur uit kon. Je raakt in een isolement en je komt daar moeilijk weer uit. Door deze cursus kon ik weer iets opbouwen. Het is een gezellig groep waarin je soms met elkaar spreekt. Vaak zeggen we ook helemaal niks en zijn we allemaal druk bezig, maar dat maakt het leuk. Je spreekt veel met elkaar door juist weinig te zeggen."

Se wolle graach harren ferhaal fertelle en dêr helpt in kursus byldhouwe goed by.

Baukje Brander, inisjatyfnimmer 'Kursus Byldhouwen foar Mantelsoargers'
Foto: Omrop Fryslân

Harkje nei de reportaazje

De kursus duorret fan febrewaris oant april en bestiet út acht lessen. Elke moandeitejûn komt de ploech byinoar. "De algemiene reaksjes binne oant no ta tige posityf", sa seit Brander. "Der binne by dy't noch nea oan byldhouwen dien hawwe, mar dat makket net út. It giet der hjir om datst efkes wat oars dochst ast yn it normale libben dochst."

In kursist is it hjir mei iens . "Je geeft je gevoel in zo'n beeld. Vaak heb je avonden dat je alleen maar aan de problemen om je heen denkt. Hier kan ik mijn gevoel en gedachten kwijt en dat is het mooie aan dit geheel."

Mar as mantelsoargers no twivelje?

"Ik soe sizze, besykje gewoan mei te dwaan", seit Brander. "Wat foar dysels wolle, is ek hiel belangryk yn it libben. Do hoechst it net te kinnen, mar it is in aventoer dêr't je ynstappe. It giet derom datst dysels ôfliede kinst, ûntspanning fynst en kontakten leist."

Door deze cursus kon ik weer contacten opbouwen en uit een isolement komen.

Dielnimmer kursus byldhouwe

Bisto mantelsoarger? Sjoch hjir foar in oersjoch fan alle stipe foar mantelsoargers yn Fryslân

Ien op de trije Friezen jout wolris mantelsoarch oan ien yn syn of har omjouwing en dy soarch wurdt hieltyd swierder. Dochs doare in soad minsken en mantelsoargers net om help te freegjen. Dêrom komt Omrop Fryslân mei de 'Wike fan de mantelsoarch: freegje om help'. Fan 1 april ôf komme ferhalen fan alle soarten mantelsoargers oan bar en wat der yn Fryslân is oan stipe foar mantelsoargers. Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer de aksjewike en in kaart mei in oersjoch fan alle Fryske inisjativen foar mantelsoarch.

Trefwurden: 
mantelsoarch byldhouwe
(Advertinsje)
(Advertinsje)