Man rydt mei alkohol op en feroarsaket ûngelok op N383

04 apr 2019 - 12:47

By in oanriding op de N383 by Bitgum wiene tongersdeitemiddei om 12.00 oere hinne trije persoane-auto's belutsen. De dyk hat dêrtroch in pear oeren ôfsletten west. Ien fan de auto's stie dwers op de dyk, de twadde auto is yn de berm ta stilstân kaam en de tredde is yn de sleat bedarre. De persoan dy't it ûngelok feroarsake, hie te djip yn it gleske sjoen en is yntusken oanhâlden.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De dronken bestjoerder ried rjocht op in oare auto ôf. Dy waard dêrby oan 'e sydkant flink rekke en bedarre yn de sleat. De auto dy't dêr wer achter ried, koe net mear remje. Dy klapte derop en kaam ek yn de berm telâne.

Alle trije auto's binne flink skansearre. Yn de sleat en berm lizze autoûnderdielen: troch de klap waard bygelyks in akku út ien fan de auto's lansearre.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De helptsjinsten wiene manmachtich útriden. Der wiene twa ambulânses oanwêzich. Ien fan de bestjoerders is ûndersocht troch it ambulânsepersoniel, mar gjinien is meinaam nei it sikehûs.

De Verkeersongevallenanalyse hat yntusken ûndersyk dien.

Trefwurden: 
ûngelok drank Marsum Bitgum N383
(advertinsje)