Fertutearze âlde wettertoer fan Skiermûntseach yn de stegers

04 apr 2019 - 12:26

Lang om let is úteinset mei de renovaasje fan de Sudertoer, de âlde wettertoer boppe it doarp op Skiermûntseach. Ferline jier al naam Stichting Behoud Zuidertoren de toer oer fan KPN, mar it koste in soad muoite om alle belutsen partijen om tafel te krijen foar in opknapbeurt.

Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

De âlde, grien útsleine wettertoer is yntusken hielendal oanklaaid mei stegers. Yn juny 2018 kocht Stichting Behoud Zuidertoren de toer fan KNP, nei in ûnderhanneling fan twa jier. Eins soe de renovaasje fan de toer al ferline simmer wêze, mar it waard útsteld oant maart. No, wer in moanne letter, sil it dan einlings heve.

It duorre lang om alle belutsen partijen te aktivearjen. Under oare KPN, de gemeente en Loodswezen meitsje dêr diel fan út. De inisjatyfnimmers besleaten de wurksumheden út te stellen, om't de stegers yn de hjerst it risiko rinne skansearre te wurden troch de hurde wyn.

Griene toer

De toer is fertutearze, benammen de wite kleur moat wer moai werom komme. Ek sil dêrnei ûnder oare de skûtel op de toer ferdwine, komt der in moai paad nei de toer ta en wurde der bankjes, in ynformaasjeboerd en in nije doar pleatst. Wol sil de toer de stjoermêstfunksje behâlde dy't er foar KPN hie.

De romte ûnder moat tagonklik wurde en plak biede oan lytse eksposysjes. De opbringst fan it yntreejild moat ûnderhâld fan de toer mooglik meitsje. Nei de toer ta komt in saneamd ferwûnderingspaad dêr't mei bylden de relaasje tusken kultuer en natuer foarmjûn wurdt.

Yn 'e jierren 1853-1854 is de Sudertoer boud, tagelyk mei de Noardertoer dy't op dit stuit de fjoertoer fan Skiermûntseach is. De Sudertoer wie oarspronklik ek in fjoertoer. De Noardertoer krige yn 1910 in draailjocht, wêrtroch't de Sudertoer oerstallich waard. It gebou stie leech oant de toer yn 1949 omboud is ta wettertoer. Yn 1992 is de toer ferkocht oan KPN, dy't it brûkt as stjoermêst.

(advertinsje)
(advertinsje)