Geert Fileart: Noch sa sein, "Geen Bommetje!!"

Geert van Tuinen is keatsferslachjouwer, keatsleafhawwer én keatskritikus. Yn de searje 'Geert fileart' is net ien feilich. In pear kear yn it keatsseizoen nimt hy de keatsers, de bestjoerders of coaches op de hakke. Geert analisearret, bekritisearret en filearret de keatswrâld. Dus tink derom!
© Omrop Fryslân, Oane Hoekstra
Stadichoan komt it keatsseizoen tichterby. Op woansdei 24 april is de presintaasje fan de ferskate partoeren yn Wurdum, en op snein 28 april giet it haadklassekeatsen echt los mei de tradisjonele Bangma Partij (ôfdieling) yn Weidum.
Yn de oanrin nei sa'n nij seizoen bart der altyd wol wat. Sa hiene wy yn maart al in aardich gaoatyske en lange Algemiene Ledegearkomste, dêr't foarsitter Sinnema him in linich, ynventyf en benammen pragmatysk petearlieder toande. Dat dy kwalifikaasjes op de rin giene mei de regleminten die der neffens de foarsitter net sa ta.
En no smyt Sinnema, tegearre mei direkteur Marco Hoekstra, wer in stien yn de fiver.
En let op: Dit wurdt in rel yn keatslân. In lytse bom. Want it giet om hillige húskes, yn keatslân better bekend as 'de kaderkaarten'.
Kaderkaarten binne kaarten dy't troch de KNKB útjûn wurde oan tal fan minsken. Bygelyks oan frijwilligers, de partners fan de frijwilligers, sponsoaren, partners en coaches fan keatsers, eareleden en partners fan eareleden. Ik haw it eefkes neifrege. It giet om sa'n trijehûndert kaarten, dy't de hâlder dêrfan fergees tagong jout op de haadklassepartijen fan de manlju.
In reedlik oantal en dat ta grutte argewaasje fan in tal keatsferienings. Dy sjogge op in sneon en/of sneintemiddei in kloft minsken swaaien mei sa'n kaderkaart. Fuort yntreejild. Dochs wol sa'n sân à acht euro de man. Dit kostet jild. Wat in frustraasje!
Dy argewaasje bestiet al jierren. Yn 2008 is der al ris besocht hjir wat oan te dwaan, mar dat mislearre troch de hurde lobby fan de hâlders fan dy kaarten. Mar no pakt de KNKB troch. Der is in brief útgien (op 2 april; in dei earder doarden de mannen tink ik net oan, want dan wie der oan in 1 aprilgrap tocht) en yn dy brief waard it ûnheil útroppen oer in part fan de hâlders fan de kaderkaarten. De KNKB grypt hurd yn. Sitaat út de brief:
"Kaderkaarten zijn hiermee uitsluitend voor kaderleden (vrijwilligers) van de KNKB. Andere belanghebbenden ontvangen hierdoor geen kaderkaart meer. Dit betekent dat sponsoren, partners en coaches van kaatsers geen kaderkaart meer ontvangen. Dit geldt ook voor de vrijwilligers van het kaatsmuseum en van ereleden en partners van ereleden van de KNKB."
No, as je keatslân in bytsje kenne, dan witte je dat dit ta in revolúsje liede sil. En dy wurdt dan troch de KNKB bewust kreëarre. Want de krityk sil net mals wêze: Efkes in (bytsje nuansearre opskreaun) greep út de te ferwachtsjen reaksjes. "Ik bin sponsor fan it keatsbûn. Stop der grouwélich jild yn en dan krij ik gjin kaderkaart mear? Sykje it lekker út KNKB, ik hâld der mei op".
Of: "Ik bin coach fan de keatsers. Moat ik no betelje? Binne jim wol lekker dêr yn Frjentsjer?" Of dizze: "Ik bin fansels net foar neat earelid wurden fan dat keatsbûn. Jierrenlang haw ik my mei hert en siel ynsetten foar de KNKB en it keatsen en no moat ik myn kaderkaart ynleverje? Skande KNKB!".
Of dizze: "Ik bin frijwilliger by it keatsmuseum. Sit dêr oeren yn dat museum te wachtsjen oant der ris ien komt en no mei ik net mear fergees nei it haadklassekeatsen? Doei KNKB, gean der lekker sels sitten".
En it wurdt noch slimmer as je witte dat de partners (!!) fan de frijwilligers dy't noch wol in kaart krije, ék in kaderkaart krije. Ek al blykt út de brief it tsjinoerstelde, dy partners krije noch hieltyd in kaart. Dy minsken dogge dus neat foar de KNKB, mar meie wol fergees nei it keatsen ta.
En sa grave Sinnema en Hoekstra har eigen grêf noch fierder troch sa'n ûnsoarchfâldige formulearring. Jo fiele de frustraasje opkommen by de misken dy't no útsluten binne en minder rjochten hawwe as dy partners.
Ek de partners fan de keatsers sille grif mei hurde arguminten komme (wêrom de partners fan frijwilligers wol en wy net sa'n kaart) en dus sil it stoarmje yn keatslân. De KNKB kreëarret twa soarten fan frijwilligers. Dat kin nea goed komme. Grutte twaspjalt sil it gefolch wêze.
Wêrom docht de KNKB dit dan? Wolno, it is de al jierren lang duorjende lokrop fan de ferienings om no einlik ris in ein te meitsjen oan dy wyldgroei fan kaderkaarten. It kostet de ferienings jild. Ik begryp dat argumint. En ik begryp ek dat der ris nei sjoen wurdt.
Mar it is taaie matearje, dy't in bredere en soarchfâldiger oanpak fertsjinnet. En wêryn't goeie karren makke wurde moatte. De KNKB ferdigenet dit beslút sa:
"De KNKB is van mening dat deze maatregel recht doet aan de verenigingen. Zij kunnen hiermee een eigen toegangsbeleid voeren (...) De individuele verenigingen zijn hiermee verantwoordelijk voor het toelaten van bovengenoemde groepen bij kaatswedstrijden."
Moai formulearre, mar it komt der op del dat de problematyk en de oplossing dêrfan, nei de ferienings ta skood wurdt. It is mar de fraach oft de ferienings dat bedoeld hawwe mei har aksje. En it makket de betizing allinnich mar grutter.
De iene feriening sil in liberaler belied foarstean as de oare. Mei as gefolch in protte geseur oan de kassa. "Yn Menaam mocht ik der fergees yn en hjir yn Bitgum net? Hoe kin dat."
Mar de KNKB jout net mear thús. Dy is fan it probleem ôf... tinke se. De ferienings sitte mei de gefolgen. In gribus wurdt it. En de KNKB sil de problematyk as in boemerang werom krije. En dan moatte der earst in protte diggels lime wurde.
Oft it om grutte oantallen giet? Ferline jier binne der sa'n trijehûndert kaderkaarten útjûn. Nei it ynfieren fan de nije maatregels sil dit útkomme op twahûndert sa lit KNKB direkteur Hoekstra witte. Je soene sizze: Wat in gedoch om hûndert kaarten. Mar it is te let. De stien leit al yn de fiver. De weagen sille heech gean. En ik hie noch sa sein tsjin Wigle en Marco: "Geen bommetje!!"