Gemeente Smellingerlân kampt mei grutte tekoarten op it sosjaal domein

04 apr 2019 - 11:46

De gemeente Smellingerlân hat grutte tekoarten op it sosjaal domein. Benammen op jongereinsoarch binne de tekoarten foars. Op in begrutting fan 22,3 miljoen euro liket it ekses hast fjouwer miljoen euro te wêzen. Dat skriuwe B&W fan de gemeente. It ekses sit benammen yn de spesjalistyske en heechspesjalistyske help.

Foto: Shutterstock.com

By de Wmo is der ek sprake fan in tekoart. Dêr wurdt der mei 456.000 euro oer de begrutting hinne gien. Dêr stiet tsjinoer dat by wurk en ynkommen en partisipaasje minder útjûn is. Dêr is der sprake fan in posityf saldo fan 429.000 euro.

Ek de ryksbydrage is hast 800.000 euro heger. Yn totaal is de ferwachting dat der in tekoart ûntstean sil fan 3,2 miljoen euro op it hiele sosjaal domein.

Sitewaasje is soarchlik

Neffens it kolleezje fan Smellingerlân is de sitewaasje soarchlik. De bydrage fan de Ryksoerheid wurdt hieltyd minder, wylst de kosten wol omheech gean. Dizze problematyk spilet yn hast alle gemeenten. De trend is dat hieltyd mear bern en jongeren spesifyk spesjalistyske help nedich hawwe.

De Fryske gemeenten hawwe advysorganisasje KPMG ynskeakele om ûndersyk te dwaan nei de oarsaken dêrfan.

(advertinsje)