F-16 hat boppe Flylân by fersin himsels ûnder fjoer naam

In F-16 fan de loftmacht is by in trainingoefening boppe Flylân rekke troch eigen fjoer. Dat hat de Inspectie Veiligheid Defensie bekendmakke. De ynspeksje wol de kommende wiken ûndersyk dwaan nei hoe't it sa misgean koe.
© Inspectie Veiligheid Defensie
By in trainingsflecht op moandei 21 jannewaris gie it mis. De F-16 fan it Commando Luchtstrijdkrachten wie op dat stuit dwaande mei in militêre oefening boppe de Vliehors op Flylân, doe't der ynienen skea ûntstie oan de beplating en de motor. De strieljager wie mei in oare F-16 dwaande mei in oefening, wêrby't mei in boardkanon op in oefendoel sketten waard.
De ynspeksje hat de saak yn de wiken dêrnei ûndersocht, en is ta de konklúzje kaam dat de F-16 by fersin himsels ûnder fjoer naam hat. Neffens de offisjele dokuminten soe der yn alle gefallen ien patroan tsjin de sydkant fan de strieljager oankaam wêze. Dêrtroch binne parten fan de munysje yn de motor fan it fleantúch telâne kaam.
De piloat hat fuort nei it ynsidint de oefening ôfbrutsen, en is tegearre mei syn trainingsmaat weromflein nei de fleanbasis yn Ljouwert.

Undersyk

De Inspectie Veiligheid Defensie sil de kommende seis wiken ûndersyk dwaan nei it foarfal, en wol dêrby ûnder oare mear dúdlikheid krije oer hoe't it ûngelok barre koe. Ek sil der sjoen wurde oft de sitewaasje in gefaar opsmiten hat foar de piloaten of de omjouwing.