Kuorbalynternasjonal Marloes Frieswijk nei LDODK

Kuorbalynternasjonal Marloes Frieswijk fan Wolvegea spilet kommend seizoen foar LDODK op De Gordyk. De 23-jierrige kuorbalster komt oer fan Blauw-Wit Amsterdam, tegearre mei har freon Christian Dekkers (26).
© www.orange-pictures.nl
Frieswijk spile de ôfrûne trije seizoenen yn Amsterdam, mar yn it ferline kaam se ek foar SCO yn Aldeholtpea yn aksje. Troch har prestaasjes fan foarich seizoen waard se selektearre foar it Nederlânske team.
Foar kuorballer Dekkers wurdt it syn debút yn Fryslân. Hy spile ien jier by Blauw-Wit en kaam oarspronklik út foar KCC út Capelle aan den IJssel.