Wrâld Swalkbistedei: hieltyd mear âlde en handikapte katten adoptearre

04 apr 2019 - 11:09

Sûnt 2011 is 4 april Wrâld Swalkbistedei. Mei dit inisjatyf wolle stiftingen dy't swalkhûnen en -katten opfange, ekstra oandacht freegje foar de dakleaze bisten. Yn Snits fangt Stifting De Nomadenhof hûnen en katten op. It falt harren dêr op dat minsken hieltyd faker om handikapte katten freegje.

De Nomadenhof fangt katten op dy't troch de Bisteambulânse meinaam binne. Koartlyn kaam der noch in kat binnen út Vegelinsoard, dy't by de ôffalferwurking omswalke.

De bisten yn de opfang wurde neffens Astrid de Vries fan De Nomadenhof op karakter keazen. Alde en handikapte katten dy't se earder net kwyt koene, hawwe no samar in nij thús. De minsken wolle dizze katten noch in kâns jaan, seit De Vries.

De opfang soarget derfoar dat de bisten sterilisearre en yninte wurde, in chip krije en ûntdien wurde fan wjirms en flieën. Boppedat krije de minsken harren kat yn in proeftiid mei. "Minsken hawwe fjirtjin dagen garânsje op de bisten."

Foto: Omrop Fryslân

De opfang yn Snits hat spesjaal foar de âldere katten in kattebosk ynrjochte. Se ha yn dit grutte bûtenferbliuw mear romte om te genietsjen fan harren âlde dei. Mar de lêste tiid komt it hieltyd faker foar dat de kattebosk leech is, om't der gjin katten yn de opfang binne.

Ferslachjouwer Bauke Deelstra by De Nomadenhof yn Snits

"De kattebosk is delsetten om benammen âlde en beheinde katten op te fangen, dy't hiel lang dreech in plak fine koene." Mar neffens De Vries binne der mear minsken dy't kieze foar bygelyks in kat mei mar trije poatsjes, of in kat sûnder sturt of earen.

Astrid de Vries fertelt oer de kattebosk

(advertinsje)