ChristenUnie wol wurk meitsje fan iepenbier ferfier-ferbining mei it Noarden

04 apr 2019 - 10:42

Der binne geregeld klachten oer hoe't it noarden fan Nederlân kwa iepenbier ferfier ôfsletten is fan de rest fan it lân. Dêr is ChristenUnie-keamerlid Nico Drost it mei iens. Hy fynt dat de plannen fan steatssekretaris Van Veldhoven fan Ynfrastruktuer foar it iepenbier ferfier tekoartsjitte. "De reistijd tussen de verschillende delen van ons land en zeker de reistijd tussen de Randstad en Noord-Nederland moet omlaag."

Treinperron yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Twadde Keamer praat tongersdei oer de ambysjes foar it iepenbier ferfier yn Nederlân foar 2040. De ChristenUnie is lykwols benaud dat de ambysjes foar de regio's bûten de Rânestêd ûndersnije. "De ambities lijken te stoppen bij Zwolle. Ik weet dat veel inwoners van de noordelijke provincies dat gevoel delen. De staatssecretaris moet zorgen dat Noord-Nederland verbonden blijft", seit Drost.

Hy wol stappen sette om de reistiid tusken de Rânestêd en oare dielen fan it lân te ferkoartsjen. Wat de ChristenUnie oanbelanget sil de steatssekretaris noch foar de ein fan it jier mei de provinsjes en oare belutsen oerheden om tafel om maatregels te nimmen.

(advertinsje)