Ierdbeving op Noardsee blykt eksploazje

It docht bliken dat de skodding, dy't ferskate minsken woansdei yn it Noarden fielden net in ierdbeving wie, mar in eksploazje. Dat meldt it KNMI. It registrearre sinjaal waard feroarsake troch de detonaasje fan in eksplosyf.
De seeboaiem skodde om sawat healwei fjouweren yn rûchwei it gebiet skean benoarden Skiermûntseach en rjocht boppe Grinslân. It gie om in trilling mei in krêft fan 2,1 op de skaal fan Richter.
De romming fan it eksplosyf waard útfierd troch it ministearje fan Definsje op de boaiem fan de Noardsee.